Unfrede oer ynskriuwing Dokkum

Guon keapers soene gjin earlike kâns krigen ha op in 'Lyceum locatie'
Yn Dokkum soe net earlik hannele wêze mei it ynskriuwen op boukavels. Op it terrein fan it âlde skoalkompleks dat koartlyn platgie, komme nije huzen. Kandidaat-keapers ha it gefoel dat se gjin earlike kâns krigen ha by de djoere parkfilla's.
Projektûntwikkelder Dijkstra fan Boalsert bestriidt dat de proseduere net earlik ferrûn is. Nei alle gedachten wurdt yn febrewaris begûn mei de bou fan de wenningen.