Ekstra útstjoering spoeddebat

29 okt 2007 - 17:27

Omrop Fryslân Aktueel is tiisdeitejûn by it spoeddebat oer it Suderseespoar yn it Ljouwerter Provinsjehûs. Fan 19.00 oere ôf is dat op de radio te folgjen. Om 20.00 oere begjint de fuotbalwedstriid Cambuur-Excelsior. Ek dat is te hearren, mei tuskentroch nijs oer it spoeddebat. In ferslach dêrfan is woansdei op televyzje yn Hjoed te sjen.

De Steaten fan Grinslân en Drinte binne ek by de gearkomste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)