Spegelkarpers útset

spegelkarpers útset
In lytse 200 spegelkarpers binne moandei útset yn de Snitsermar. Troch it útsetten fan de fisken komt de spegelkarperstân wer op in normaal nivo. De spegelkarper drige út te stjerren yn de Fryske wetters.
De twajierrige kweekte karpers wurde mjitten, weage en op de foto set foar't se útset wurde. Alle karpers ha in unyk patroan. Sa kinne de bisten folge wurde en ek de omjouwing fan de karpers.