Judkovskaja lieder Tryater

29 okt 2007 - 12:14

Ira Judkovskaja wurdt de nije artistyk lieder fan Tryater. Se is de opfolger fan Hans Man in't Veld en sil yn febrewaris 2008 begjinne yn har nije funksje. Judkovskaja wol har foaral ynsette foar muzykteater en jongereinteater.

De Russyske Judkovskaja is 32 jier en wennet sûnt har 15de yn Nederlân. Se hat earder stikken regisearre by Tryater en wurket foar selsskippen as Tryater en it Noard Nederlands Toneel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)