Jaap Stam (35) hâldt op
Ajaxspiler Jaap Stam (35) hat moandei bekendmakke dat er fuortendaliks ophâldt mei betelle fuotbal. Yn 'e bekerwedstriid tusken Ajax en SC Hearrenfean fan woansdei docht er al net mear mei. Stam kin de motivaasje net mear opbringe.
Stam stie oant de ein fan dit jier by Ajax ûnder kontrakt. Hy spile fan 1993 oant 1995 by Cambuur. By de grutte Cambuurreuny earder dit jier waard er útroppen ta bêste spiler fan altyd.