Ferdûbeling Wâldwei klear

der is in pear jier wurke oan de ferdûbeling fan de Wâldwei
De ferdûbeling fan de Wâldwei is klear. Woansdei giet de dyk iepen. Dan binne de fjouwer rydstroken tusken Ljouwert en Drachten beskikber. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei is de Wâldwei ôfsletten om de lêste wurksumheden te dwaan.
Yn 2004 is begûn mei de ferdûbeling fan de dyk. Tagelyk is de Fonejachtbrêge ophege en is in akwadukt makke by Langdeel. De dyk is in healjier earder klear as ferwachte.