Strafsaak tsjin Hells Angels

29 okt 2007 - 10:49

Moandei begjint de strafsaak tsjin 22 leden fan de Hells Angels. It Iepenbier Ministearje wol de klub oanpakke om't in ferbod op de organisaasje net mei fan de rjochter. By de leden sitte ek de foarsitter en ponghâlder fan de ôfdieling yn Harns.

De fertochten ha op ien of oare wize mei justysje te krijen hân. Fyftjin fan har wurde beskuldige fan misdriuwen mei drugs of wapens. De strafsaak rint oant heal desimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)