Friezinne mishannele yn Grins

28 okt 2007 - 17:38

In frou (21) út Easterwâlde is sneon mishannele yn in winkel yn Grins. De frou gie by ûngelok op de teannen fan in ynwenster (28) fan Grins stean. Se ferûntskuldige har, mar dat wie foar de frou út Grins net genôch.

De frou begûn te skoppen en te slaan en krige dêrby help fan in twadde frou. Doe't de Friezinne holpen waard troch in man út Drachten naaiden de twa dieders út. Ien fan de twa koe letter oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)