Prestaasjeloop op Skylge

28 okt 2007 - 14:24

De prestaasjeloop op Skylge hat dit jier plak foar 200 dielnimmers. De loop wurdt hâlden op sneon 3 novimber, in dei foar de Beren Maratonloop. Der kin keazen wurde út 5 of 10 kilometer. Ferline jier luts de loop 140 rinners. Yn 2005 wienen dat der noch gjin 100.

De prestaasjeloop is bedoeld foar hurdrinners dy't noch gjin heale of hiele maraton útrinne kinne. Ek kinne dielnimmers oan de Berenloop him brûke as lêste training.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)