Langer wurk krusing Saailân
It wurk oan de krusing fan de Prins Hendrikstrjitte en it Saailân yn Ljouwert duorret langer as ferwachte. De krusing sil dêrom net earder as 12 novimber wer iepen gean.
Fanwege de bouplannen op it Saailân moatte op it krúspunt ferskate kabels en liedingen ferlein wurde. Dat wurk is dreger as earder tocht.