Pleats Kollumerpomp ôfbaarnd

28 okt 2007 - 12:37

In monumintale pleats yn Kollumerpomp is sneintemoarn betiid folslein ôfbaarnd. De buorkerij mei dêryn in tsiismakkerij en it wenhûs gienen ferlern. De brânwacht koe in skuorre mei skiep noch rêde.

De brân begûn eefkes nei healwei seizen. De brânwacht fan Kollum en Bûtenpost waarden ynset om it fjoer te blussen. De beide bewenners rekken net ferwûne by de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)