Ferlies Vadeko Flyers

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers gienen op it iis fan Thialf yn de bekerwedstriid tsjin Den Haach kânsleas mei 3-0 ûnderút. Yn de earste perioade koenen de Feansters it noch op 0-0 hâlde.
Yn de twadde perioade waard it 1-0 foar Den Haach, dy't yn de tredde perioade it klasseferskil útdrukten mei twa goals. De 3-0 einstân bestjutte mei rjocht ferlies foar De Flyers.