NK Wintertriatlon foar Broers

27 okt 2007 - 21:07

Bianca Broers fan De Lemmer is sneon yn Assen Nederlânsk kampioene wintertriatlon wurden. Broers ferdigene de titel yn Assen mei súkses. De âld-reedrydster fan De Lemmer finishte nei tsien kilometer hurdrinnen, fyftich kilometer fytsen en tweintich kilometer reedriden yn in tiid fan 2.52.19 as earste.

Evi van Ekris einige hast trije minuten letter as twadde, it tredde plak wie foar Janet ten Kate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)