Frou Gordyk falt út toer: dea

de lokaasje fan it ûngelok yn it Drintse Veenhuizen
In frou (29) fan De Gordyk is freed om it libben kaam nei in fal út in toer oan de Hoofdweg yn it Drintske Veenhuizen. It foarfal barde by in útstapke fan it personiel fan it spuitbussefabryk Motip út Wolvegea. De plysje hat dit sneon bekend makke.
It slachtoffer die mei in groep kollega's mei oan ferskate aktiviteiten. By it 'tokkeljen' hat de frou neffens tsjûgen de oanwizings fan de begelieders net opfolge.