Wadmankolleksje nei Tresoar

27 okt 2007 - 17:02

De manuskripten fan 'e Fryske skriuwer Anne Wadman binne sneon oerdroegen oan letterkundich ynstitút Tresoar yn Ljouwert. Hûndert belangstellenden en de famylje fan de ferstoarne skriuwer wiene dêrby.

Steven de Jong presintearre by dy gelegenheid in monografy oer Wadman. Fierders wurket Joke Corporaal oan in proefskrift oer de skriuwer. Wadman wurdt sjoen as ien fan 'e grutste Fryske skriuwers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)