De Vries net troch nei WB
Op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen is Sjoerd de Vries fan Twellingea der net yn slagge him te pleatsen foar de wrâldbekerwedstriden. De Vries kaam op de 1000 meter as sechsde oer de einstreek. Syn tiid wie 1.10,96.
Winner fan de kilometer waard Simon Kuipers fan Spaarndam. Twadde op dy ôfstân waard Jan Bos.