Leenstra pleatst har foar WB

27 okt 2007 - 14:25

Op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen op It Hearrenfean hat Marrit Leenstra fan Wikel har pleatst foar de wrâldbekerwedstriden op de 1000 meter. Leenstra einige op in fjirde plak mei in tiid fan 1.18,33.

Winner op de kilometer waard Paulien van Deutekom yn in tiid fan 1.17,18. Wieteke Cramer fan It Hearrenfean kaam as trettjinde oer de einstreek yn in tiid fan 1.19,78.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)