Brânstifting yn Burgum

27 okt 2007 - 12:57

De brânwacht hat yn de nacht van freed op sneon twa kear yn aksje west fanwege brânstifting yn Burgum. Flak nei tolven wie der op de Noardersingel brân yn in bulte blêden.

In healoere letter waard in steapel doazen by in elektrisiteitshúske oan it Kooiplein yn de brân stutsen. Yn beide gefallen koe de brânwacht grutte skea foarkomme. De plysje is op syk nei de dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)