Driezumer ferwûne by ûngelok

27 okt 2007 - 12:35

In ynwenner fan Driezum is freed ferwûne rekke by in ûngelok yn Kollumersweach. De 26-jierrige man fleach op de Foarwei tsjin in lantearnepeal.

Hy moast dêrnei troch de brânwacht út syn auto helle wurde. De man is oerbrocht nei it sikehûs. Der is ek in bloedproef ôfnaam. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)