Arriva: spoar Grins - It Fean

Direkteur Hettinga fan Arriva
Ferfiersbedriuw Arriva wol mei twa bedriuwen jild stekke yn in nije spoarferbining fan Grins fia Drachten nei It Hearrenfean. Arriva tinkt dat sa'n spoarline op termyn rendabel makke wurde kin. De kosten wurde earst op minimaal 600 miljoen euro rûsd.
Arriva komt mei it plan op it stuit dat de trije Noardlike provinsjes noch iverje foar de Suderseeline. Dat is in rappe spoarferbining tusken Schiphol en Grins.