Brân yn útstjoerburo Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der hat freedtejûn brân west yn in gebou oan de Skrâns yn Ljouwert. It giet om in útstjoerburo mei dêrboppe in wenning. De brân is ûntstien yn de wenning, foarbygongers seagen dat de televyzje baarnde. Se warskôgen de brânwacht, dy hat de bewenner út it hûs helle. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.
De wenning is foar it grutste part útbaarnd, ek it útstjoerburo hat skea oprûn.