Fryske Beweging wol groeie

27 okt 2007 - 09:23

De Ried fan de Fryske Beweging wol groeie. By de ried binne op dit stuit njoggen organisaasjes oansletten, dat soenen der tolve oant fyftjin wurde moatte. De ried tinkt dan mear ynfloed hawwe te kinnen.

Om de groei te berikken sil de Ried mear fan him hearre litte. Ek wurde organisaasjes oanskreaun. It giet dan om organisaasjes dy't har ynsette foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is ek dwaande mei 'ferjonging'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)