Cambuur ferliest thús fan MVV

Jurrie Koolhof, no trener fan Cambuur, earder fan MVV
SC Cambuur hat freedtejûn yn eigen hûs mei 1-0 ferlern fan MVV. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de twadde helte. Mei noch 20 minuten te gean naam Ole Tobiasen in frije traap fluch, wêrtroch't Cambuur net goed opsteld stie. Daniel Gomez profitearre dêrfan en skeat de 0-1 binnen.
Yn de slotfaze krige Cambuur noch wol in pear kânsen, mar de lykmakker bleau út. De Ljouwerters steane no op it 14e plak yn de Jupiler League.