Fúzje sikehûs en thússoarch

26 okt 2007 - 20:31

It Antoniussikehûs yn Snits bepaalt meikoarten sels wat foar pasjinten thússoarch krije. It sikehûs wol dat dwaan kinne om foar te kommen dat it fol komt te lizzen mei pasjinten dy't net mear thús holpen wurde. Troch tekoarten driget der in opnamestop by de thússoarchorganisaasjes yn Fryslân. Om mear te sizzen te hawwen oer de ynset fan thússoarch fusearret it Antoniussikehûs meikoarten mei thússoarch Súd-West Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)