Ljouwert hat wer strjitrôfteam

26 okt 2007 - 15:48

De plysje hat minsken frijmakke om de strjitrôven yn Ljouwert oan te pakken. Dit om't in soad minsken bang binne om jûns de dyk op te gean. Der binne lêste tiid in soad gewelddiedige berôvings.

Yn 2005 hat der ek in strjitrôfteam west, omdat der doe yn koarte tiid sa'n 100 minsken oerfallen waarden. Dat hat doe resultearre yn in grut tal oanhâldings en in sterk werromrinnend tal berôvings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)