Alves wol wer topskoarer wurde
Afonso Alves wol wer topskoarer wurde fan de earedivyzje. De Braziliaanske spits fan Hearrenfean stiet op it stuit twadde op de list fan topskoarers mei 8 goals. Hy makke dy goals yn mar twa wedstriden.
Klaas-Jan Huntelaar fan Ajax stiet no noch earste mei 9 goals. As Alves dit wykein twa kear faker skoart as Huntelaar stiet de Braziliaanske ynternasjonal wer earste op de list fan topskoarers.