Ljochtkontrôle fytsers Damwâld

26 okt 2007 - 14:06

De plysje kontrolearret takom moandei de fytsen fan de learlingen fan kristlike skoalle De Saad yn Damwâld. It giet om in 'sichtberheidskontrôle', wêrby't benammen nei de ferljochting sjoen wurdt.

Lytse dingen dy't mis binne wurde daliks makke troch in fytsemakker. It wurdt betelle troch de gemeente Dantumadiel. By gruttere problemen moatte de learlingen sels foar de reparaasje soargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)