Liemburg-bôle populêr

26 okt 2007 - 12:26

De bôle dy't boargemaster Liemburg fan Littenseradiel ôfrûne nacht bakt hat, is tige populêr. Alle 300 stiks wiene freedtemoarn al betiid útferkocht by bakkerij Posthumus yn Wommels. Om oan de fraach te foldwaan, is der al wer nije bôle bybakt.

Liemburg mocht sels witte wat foar yngrediënten der yn de bôle kamen. Dat is sinaasappel en sûkelade wurden. De opbringst giet nei de Spulwike fan Wommels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)