Mobyl betelje foar parkearen

Mei je mobyltsje kinne je yn Ljouwert je parkearkaart oplade.
Parkearjild betelje mei je mobile tillefoan en net mear troch in kaartsje te heljen by de parkearautomaat. Dat kin sûnt freeed by 1700 parkearplakken yn Ljouwert. Je betelje foar de tiid dat je parkeard steane en ha gjin gedonder mei lytsjild mear. Wethâlder Krol hat it systeem freed yn gebrûk naam.
It mobyl beteljen kin noch net yn de parkeargaraazjes en by 100 âlde parkearpeallen.