Heger grûnwetter foar fûgels

26 okt 2007 - 12:17

Letter meane en nêstbeskerming helpe de greidefûgels net in soad. In hegere grûnwetterstân en mear fariaasje yn de begroeiing smyte folle mear op. Dat konkludeart Jort Verhulst yn syn promoasjeûndersyk oan de Wageningen Universiteit. Hy komt ta syn konklúsjes op basis fan tellingen yn sawol Nederlân as Hongarije.

It letter meane en nêstbeskerming wurde in soad brûkt yn Fryslân om greidefûgels te beskermen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)