Striid om kanaal giet troch

26 okt 2007 - 11:48

De gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en de provinsje jouwe de striid foar weriepening fan it Polderhoofdkanaal by Nij Beets noch net op. Dat sizze se nei it bekend wurden fan de ynhâldlike taljochting op de útspraak fan de rjochter ferline wike.

De rjochter lei doe it wurk stil en skorste in wichtige fergunning. Dat alles koe gebeure omdat it publike belang fan it weriepenjen fan it kanaal net goed dúdlik makke is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)