Gau dúdlikens oer fergoeding
De tiid tusken de oanfraach fan in minima-regeling en it beslút dêroer wurdt yn de gemeente Tytsjerksteradiel flink werom brocht. No duorret it noch sa'n twa wiken, binnen twa jier moat dat yn 15 minuten.
Meiwurkers fan de gemeente beoardielje de oanfraach wêr't de kliïnt by stiet. Dy heart dan fuortendaliks oft er yn de beneaming komt foar in regeling. De kliïnt krijt de fergoeding binnen in wike.