Cambuur spilet mei roubân

26 okt 2007 - 10:58

Cambuur spilet yn de wedstryd fan freedtejûn tsjin MVV mei roubannen om. Dat is fanwege it ferstjerren fan âld-bestjoerslid Douwe Miedema fan Ljouwert.

Miedema hat him bot ynset foar de klub. As bestjoerslid wie er ferantwurdlik foar de ûnderhannelingen mei nije spilers. Hy hat ek de sake- en freoneklub mei holpen oprjochten. Foar de wedstryd fan jûn wurdt in minút stilte hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)