IIsbaan by skoalle yn Boalsert

26 okt 2007 - 10:24

Basisskoalle Sint Maarten yn Boalsert krijt op 15 november in dei lang in iisbaan foar de doar. It is in inisjatyf fan reedridersbûn KNSB. It bûn wol sa de jeugd entûsjast meitsje foar it reedriden.

De ôfrûne jierren is it ledetal fan ferienings bot werom rûn. De KNSB hopet sa ek de nije Sven Kramer of Ireen Wüst te finen. Ald-reedrydster Barbara de Loor sil de hiele dei clinics fersoargje foar de skoalbern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)