Plysjes bedrige om patat

26 okt 2007 - 10:16

De plysje hat tongersdeitejûn yn Frjentsjer in man út de stêd oanhâlden foar bedriging. De man waard mei syn fyts oan de kant set, omdat er gjin ljocht hie.

De man woe net meiwurkje, omdat de patat dy't er by him hie dan kâld wurde soe. Hy woe ek net fierder rinne en bedrige de twa plysjes mei de dea. Doe't de plysjes seine dat er dat net sizze moast, woe er ien fan har yn it gesicht slaan. Hy is doe oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)