140 bonnen op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
By trije snelheidskontroles yn de gemeente Hearrenfean hat de plysje juster mei elkoar 140 bekeuring útdield foar te hurd riden. Moarns waarden op de Skâns op it Hearrenfean dik 850 auto's kontroleard. Je meie dêr 50, mar 70 auto's rieden hurder.
Op de dûmny Veenwei yn de Knipe waarden middeis hast 60 bestjoerders bekeurd, omdat se hurders as 50 rieden. Yn Tsjalbert giene alve minsken op de bon.