Weryndieling Wûnseradiel flop

25 okt 2007 - 22:56

De gemeentelike weryndieling spilet kwalik by de ynwenners fan Wûnseradiel. Dat die tongersdeitejûn bliken op de earste gearkomste yn Piaam. Der kamen mar 16 minsken op ôf. De helte dêrfan kaam út Makkum. Dy groep wol fan de Súdwesthoeke ien grutte gemeente meitsje.

De gemeenteried wol der yn seis ynformaasjejûnen achterkomme wat de ynwenners fine fan in fúzje mei oare gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)