Aksje Nij Beets foar Polderhoofdkanaal

25 okt 2007 - 12:26

Yn Nij Beets wurdt sneon in protest- aksje hâlden tsjin it stillizzen fan it wurk foar it wer iepenjen fan it Polderhoofdkanaal. Doarspbelang fan Nij Beets ferwachtet dan tusken de 100 en 300 ynwenners fan it doarp.

Oan de twa wethâlders fan Opsterlân en Smellingerlân wurdt dan in petysje oanbean. Neffens in wurdfierder fan doarpsbelang is 95 persint fan de ynwenners fan Nij Beets foar it wer iepenjen fan it kanaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)