Gemeente lient starters jild

25 okt 2007 - 12:09

Starters yn Smellingerlân dy't net genôch jild ha om in hûs te keapjen kinne aanst jild liene fan de gemeente om dochs in hypoteek te krijen. Dat is ien fan de plannen dy't Smellingerlân hat foar de kommende fjouwer jier.

De plannen binne tongersdei mei in finansjeel plaatsje presintearre. Ut it beliedsplan docht fierders bliken dat de gemeente mear jild fan it ryk krijt om yn har projekten te stekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)