Omstanners rêde frou
Omstanners hawwe woansdei in 25- jierrige frou út Ljouwert it libben rêden nei in ferkearsûngemak op de A32 by Haskerdiken. De frou ferlear de macht oer it stjoer en kaam mei har auto fia de fangrail op 'e kop yn it wetter telâne.
Oare minsken seagen dat en hellen de frou gau út 'e auto. Se is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.