Tekoart op steande mêst rûte

© Omrop Fryslân
De VVD yn de Fryske Steaten wol witte hoe't in tekoart fan 2,4 miljoen euro is ûntstien yn de oanlis fan de Steandemêst rûte en hoe't dat betelle wurdt. De rûte moat de rekreaasjefeart by it Prinses Margrietkanaal fuort hâlde en rint fan Ljouwert oant Akkrum.
Der is lykwols fertraging ûntstien by it meitsjen fan in omlieding om Wergea hinne en it ferpleatsen fan in tal arken by Grou.