Stânfries giet yn berop

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Stânfries giet yn berop tsjin de skorsing foar acht wedstriden fan fuotballer Michael Hoekstra. Neffens skiedsrjochter Kuik hat Hoekstra him 'de kanker' tawinske. In waarnimmer soe dat ek heard ha. Letter die lykwols bliken dat der gjin waarnimmer by de wedstriid wie.
Hoekstra hat likegoed in skorsing fan 8 wedstriden oplein krigen troch de KNVB. Stânfries fynt de straf fierstente heech.