Boustop Sint Anne bliuwt

24 okt 2007 - 15:07

De gemeente It Bilt krijt it plan foar it nije fersoargingshûs yn Sint Anne der net troch. De Raad van State hat woansdei de omwenjenden dy't beswier meitsje tsjin de lûds- en ferkearsoerlêst op 'e nij yn it gelyk steld. De boustop dy't yn juny oplein waard bliuwt dêrmei fan krêft.

Yn Sint Anne hie in fersoargingshûs mei 35 bêden en 10 apparteminten komme moatten. It gebou is foar de helte klear, mar kin net ôfboud wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)