Fúzje hegeskoallen op streek

24 okt 2007 - 14:07

It fúzjeplan fan de Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân CHN en de Hogeschool Drenthe leit op skema. Dat seit in wurdfierder fan de Ljouwerter hegeskoalle. Ynkoarten wurdt it fúzjefoarstel foarlein oan de rieden fan tafersjoch fan de hegeskoallen.

De fúzje kin op 1 jannewaris klear wêze. Dêrnei sil sjoen wurde hoe't de sintrale tsjinsten fúsearje kinne. Troch de fúzje ûntstiet in HBU mei 10.000 studinten en 900 meiwurkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)