Ballesamler Balk frijsprutsen

24 okt 2007 - 13:16

In 43-jierrige ynwenner fan Rûgehuzen dy't in jildboete betelje moast omdat hy ballen fan vv Balk achterhâlde soe is woansdei frijsprutsen by it Ljouwerter gerjochtshôf. Al sûnt 1998 binne der problemen tusken de man en de fuotbalklub. De man wegeret om ballen dy't op syn hiem bedarje wer werom te jaan. De man krige dêrom ferline jier in boete fan 250 euro.

It gerjochtshôf fynt dat der gjin sprake is fan fertsjustering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)