Sûnens Andriesen achterút

Anita Andriesen
De sûnenssituaasje fan deputearre Anita Andriesen is achterútgien. Andriesen hat boarstkanker. Fan 'e wike binne wer nije útsieddings oan it ljocht kaam. Neffens de dokters binne dy lykwols goed te behanneljen.
Andriesen krijt fan nije wike ôf gemoterapy yn it Anthonie van Leeuwenhoek-sikehûs yn Amsterdam. De deputearre besiket har wurk sa folle mooglik troch te setten, mar sil it wol wat kalmer oan dwaan moatte.