It hûs altyd yn 'e sinne

24 okt 2007 - 09:35

Bou-ûndernimmer Cees Tadema fan Ljouwert lit yn Noardwâlde in hûs bouwe, dat altiten mei de sinne meidraait. It wurdt in driuwend hûs yn in soarte fan fiver. It rûne hûs wurdt ein novimber of oars yn desimber oplevere. It giet om in fakânsjehûs mei trije sliepkeamers, in badkeamer en in wenkeamer mei keuken.

It hûs kin net farre, mar wol draaie en op en del bewege as der mear of minder wetter yn de fiver stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)