Heroïnepost bliuwt langer

23 okt 2007 - 22:23

De proef mei de heroïnepost oan it Vliet yn Ljouwert wurdt ek nei takom jier noch twa jier trochset. It Ryk stelt dêr jild foar beskikber. De post is sûnt in pear moannen iepen.

Swiere heroïneferslaafden kinne dêr trije kear deis in shot helje. Sa hoeche se har deistiche spuit drugs net mear by inoar te stellen. De buert ferwachte in soad oerlêst en hat lang protesteard. De kommende tiid wurdt it tal gebrûkers útwreide nei 25.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)