Honkballers wurde Diamonds

© Omrop Fryslân
De honk- en softbalferiening Drachten gie altiten troch it libben as HSVD, mar dat is net mear fan dizze tiid. Dêrom neamt de club himsels tenei de Drachten Diamonds.
De honkballers wolle in dynamyske útstrieling: dat hat de nije kantine fan de club en ek it sportkompleks mei de namme Yankee Doodle Stadium. Mei de nije namme slút HSVD oan by de slogan Drachten, Diamant van het Noorden.