Filosofy moat PvdA helpe

© Omrop Fryslân
In filosofygroep fan leden moat de PvdA-fraksje fan Smellingerlân helpe it belied te bepalen. Under lieding fan in gesprekslieder moatte nije tinkbylden op tafel komme en moat der diskusje ûntstean oer saken yn de gemeente.
Leden ha grut ferlet om mei te tinken oer de koers fan de fraksje, dêrom wurdt de groep yn it libben roppen. De PvdA yn Smellingerlân is de earste ôfdieling mei sa'n filosofygroep.